In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Maandelijks archief van september, 2016

Tsjinst fan 2 oktober yn Mantgum en Friese Kerkendag

Troch in gearrin fan omstannichheden giet de tsjinst yn Jellum net troch. Derom wolle we mei elkoar (foar safier jo oanwêzich binne, mei wolle of kinne) nei Mantgum om 11.00 oere (Yn elts gefal gean Hinne en Sietske). De kofje stiet fan te foaren klear. Foargonger ds. Doekle de Boer (en dy skynt neffens ynsiders de muoite beslist wol wurdich te wêzen! )

Snein is der ek de “Friese Kerkendag yn Harlingen (dat is ien kear yn de 4 jier). It begjint om 13.00 oere yn de grutte tsjerke fan Harns. Sjoch op friesekerkendag2016.nl
Om 14.00 oere is der ek in presintaasje fan Leo Feijen en Hinne Wagenaar: Spiritualiteit van het Eiland en spiritualiteit van het Weiland. Dat is yn de RK tsjerke fan Harns (14.00 – 14.45 oere). Fierders is der in moai programma fan 13.00 – 17.00 oere.

Tûnpreek weer goed bezocht

4 septimber tsjinst yn Bears

Snein 4 septimber is der in tsjerketsjinst yn Bears om 09.30 oere. It sil gean oer de tekst út de ‘zaligsprekingen’: Sillich dy’t treurje, want se sille treaste wurde’. Dat liket in somber tema. Mar wy lêze tagelyk de wurden út Psalm 1 yn de bewurking fan Huub Oosterhuis. Inkelde wurden hjirûnder alfêst. Tige wolkom, ek ast oars net komst. Wy wachtsje dy/jo by de doar op. gezegend ben je een boom aan stromen levend water vruchten zul je dragen blad dat niet vergeelt het zal je goed gaan.

14212158_1790012341242627_2667483753738873382_n

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

12 nov. Tsjinst yn Mantgum (09.30/ ds. Willemien Keuning)
19 nov. Kleaster-tsjinst yn Jorwert (09.30/ ds. Hinne Wagenaar)
26 nov. Betinksnein yn Jorwert (10.00/ ds. Hinne Wagenaar)
3 des. Gjintsjinst
4 des. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/Coby de Boer)
10 des. Tsjinst yn Mantgum (09.30/ ds. Willemien Keuning)
17 des.. Kleaster-tsjinst yn Weidum(09.30/ ds. H. Wagenaar)
18 des. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/ds. Hinne Wagenaar)
24 des. Krystjûnfoar jong en âld yn Weidum (20.00/ ds. H. Wagenaar + krystkommisje)
25 des. Kryst yn Mantgum (10.00/ ds. Willemien Keuning)
31 des. Fryske tsjinst yn Itens (10.00)
31 des. Aldjiersjûn, regio-tsjinst yn Hilaard (19.30/ ds. Bakker)
7 jan. Trije Keningen yn Weidum. (09.30/ds. Hinne Wagenaar)
Neide tsjinst (mei kofje en oranjekoeke) kinne wy elkoar in goed nijjier winskje

Informatieboekje 2017

Kijk onder 'Home' voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2017