In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Maandelijks archief van oktober, 2016

Kleastersnein 16 oktober

Oankom snein 16 oktober is der in kleaster-snein yn Jorwert. It wurdt in mienskiplike

tsjinst mei dêrnei in programma foar ferskate groepen, ek foar de bern:

09.30 Fiering (tema: ‘Hellup’)foto van Pkn Westerwert.mei ds. Wagenaar
10.15 Kofje/tee/limonade
10.45 Trije mooglikheden: programma foar de bern (Hjerst: bûten yn Jorwert), Kleaster-kuier en in Petear oer it tema fan de tsjinst.

foto van Pkn Westerwert.

JIERDEI fan NIJKLEASTER

flyer Jentsje Popma (1)Snein 30 oktober

 

Op de lêste snein fan oktober fiert Nijkleaster har fjirde jierdei.

Hjirby is eltsenien fan herte wolkom. It programma is:

 

14.00 -14.30 Ynrin

14.30 – 15.00 Wolkom en iepening

15.00 – 16.00 4 wurksjops

16.30 – 17.00 Slotfiering

 

De wurksjops binne:

(1) Oer de takomst fan Nijkleaster (Henk Kroes en Hinne Wagenaar)

(2) Kleaster-kuier (mei kleaster-pastor Saskia Leene

(3) Sjonge mei Nijkleaster (Hindrik van der Meer )

(4) Presintaasje oer it wurk fan Jentsje Popma (Jan Henk Hamoen)

 

Bysûndere (ferkeap)útstalling mei wurk fan Jentsje Popma

28 oktober – 30 oktober (Tsjerke fan Jorwert)

 

Iepening: Freed 28 okt. 16.00 oere

 

Stifting Nijkleaster nûget jimme allegear út foar in bysûndere (ferkeap) útstalling fan it wurk fan de Ljouwerter keunstner Jentsje Popma. De keunstner dy’t op 30 septimber 95 jier âld wurden is. Hat earder syn atelier en wurk skonken oan Nijkleaster. De útstalling is in earbetoan oan in kreative en mearsidige keunstner dy’t yn Fryslân in soad  keunstsinnige spoaren efterlitten hat.

Op freed 28 oktober om 16.00 oere wurdt de útstalling offisjeel iepene. De tsjerke is dan iepen oant 21.00 oere. Ek op sneon is de tsjerke iepen foar it besjen fan de útstalling fan 10.00 – 16.00 oere. Jimme binne fan herte útnûge om de skilderijen, bylden en kaarten fan Popma te besjen. Kofje, tee en kleaster-koeke steane klear.

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

3 sept. Tsjinst yn Weidum (09.30/ds. Hinne Wagenaar)
4 sept. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/ds. Hinne Wagenaar)
10 sept. Tsjinst yn Mantgum (09.30/ Yntrede ds. Willemien Keuning)
17 sept. Túnpreek yn Jorwert (09.30/ ds. Hinne Wagenaar)
25 sept. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/ds. Jurjen Hilverda)
1 okt. Tsjinst yn Weidum(09.30/ds. Jan Strikwerda út Jorwert)
8 okt. Tsjinst yn Mantgum (09.30/ds. Andries Kobus út Mantgum)
15 okt. Kleaster-tsjinst yn Jorwert (09.30/ ds. Hinne Wagenaar)
16 okt. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/dhr. Ulbe Zwaga)
29 okt. Regio-tsjinst yn Hilaard (09.30/ ds. Jurjen Hilverda)
29 okt. Jaardag Nijkleaster (Jorwert/14.00 –17.00)

Informatieboekje 2017

Kijk onder 'Home' voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2017