In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Activiteiten

Kleaster-moarn + kleaster-kuier

Elke woansdeitemoarn begjinne wy om 09.30 mei in moarnsgebed. Eltsenien is wolkom om mei te dwaan mei it moarnsgebed allinne of  de hiele kleaster-moarn (oant 12.30 oere)

 

Vasten en Vieren

In moaie groep minsken fan Mantgum, Westerwert en Nijkleaster hat it programma ‘Vasten en Vieren’ makke foar de 40-dagentiid. Elke tongersdeitejûn binne wy yn de Jorwerter tsjerke wolkom tusken 18.00 en 19.30 oere. It begjint mei in koarte fiering (20 min.) Dêrnei stiet der in miel fan sop en bôle klear. It iten is fergees. Elkenien mei sels in bydrage bepale foar de kollekte. It doel wurdt jûns mei-inoar útsocht. Wy ferwachtsje jim allegearre (teminsten ien kear!)

 

Kleaster-sneon 18 maart

Op sneon 18 maart is der in spesjale kleaster-sneon oer kristlike mienskipsfoarming. Der binne op it stuit in soad nije foarmen fan kleasterlibben yn ûntwikkeling. Ek bij Nijkleaster wurdt ta wurke nei in nije foarm fan kleasterlibben Wy wolle hjir fierder oer neitinke en ek heare oer oare ûntjouwingen yn en bûten Nederlân (mear op de oare side). Graach opjaan fia de webside of by Annet Draaisma: 06-19167455

 

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

12 nov. Tsjinst yn Mantgum (09.30/ ds. Willemien Keuning)
19 nov. Kleaster-tsjinst yn Jorwert (09.30/ ds. Hinne Wagenaar)
26 nov. Betinksnein yn Jorwert (10.00/ ds. Hinne Wagenaar)
3 des. Gjintsjinst
4 des. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/Coby de Boer)
10 des. Tsjinst yn Mantgum (09.30/ ds. Willemien Keuning)
17 des.. Kleaster-tsjinst yn Weidum(09.30/ ds. H. Wagenaar)
18 des. Tsjinst yn Nij Dekema (10.45/ds. Hinne Wagenaar)
24 des. Krystjûnfoar jong en âld yn Weidum (20.00/ ds. H. Wagenaar + krystkommisje)
25 des. Kryst yn Mantgum (10.00/ ds. Willemien Keuning)
31 des. Fryske tsjinst yn Itens (10.00)
31 des. Aldjiersjûn, regio-tsjinst yn Hilaard (19.30/ ds. Bakker)
7 jan. Trije Keningen yn Weidum. (09.30/ds. Hinne Wagenaar)
Neide tsjinst (mei kofje en oranjekoeke) kinne wy elkoar in goed nijjier winskje

Informatieboekje 2017

Kijk onder 'Home' voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2017