In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Gearwurking Mantgum en gem. Westerwert kriget gestalte

De tsjerkeried fan Westerwert hat, nei de gemeentejûn, besletten om posityf yn te geanop it fersyk fan de gemeente fan Mantgum om gear te wurkjen mei as úteinlike doel tekommen ta ien gemeente. Al yn it kommende jier sil mei elkoar fergadere wurde yn detsjerkeried. Ek hawwe wy yn 2017 ien mienskiplike preekrige. Mantgum hie oan no taaltyd tsjint op de earste en tredde snein fan de moanne (krekt as Westerwert). Syferoarje dat en hawwe yn 2017 allinne op de twadde snein fan ’e moanne tsjint ynMantgum. Dat bestjut dat wy yn in moanne de tsjinsten sa ferdiele:

1e snein: yn Jellum-Bears of Weidum
2e snein yn Mantgum
3e snein kleastersnein yn Jorwert
4e snein gjin tsjint
5e snein fjouwer kear jiers is der in 5e snein yn de moanne. Op de 5e snein wollewe in mienskiplike tsjint hâlden mei: Hilaard, Húns-Leons, Mantgum en Westerwert.

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

Moandei 4 febrewaris: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 10 febrewaris: Tsjinst yn Mantgum (09.30)
Snein 17 febrewaris: Kleastersnein yn Jorwert (09.30)
Snein 24 febrewaris: LYTS&grut yn Jorwert (10.30)
Snein 3 maart: Tsjinst yn Weidum (09.30)
Moandei 4 maart: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 10 maart: Tsjinst yn Mantgum (09.30/1e snein 40-dagentiid)
Snein 17 maart: Kleastersnein yn Jorwert (09.30/2e snein 40-dagentiid)
Snein 24 maart: LYTS&grut yn Jorwert (10.30/3e snein 40-dagentiid)
Snein 31 maart: Regiotsjinst yn Mantgum (11.00/4e snein 40-dagentiid)
Moandei 8 april: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)

Informatieboekje 2018

Kijk onder ‘Home’ voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2018