In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

In Nijsbrief foar de kommende Tsjinsten

 

Bêste minsken,

Oare wike is it de Stille Wike, miskien wol de wichtichste wike fan ‘e kristlike kalinder. Wy wolle jim mei dizze nijsbrief graach op de hichte bringe fan wat der te kommen stiet. It is in hiele rige. Wolle jimme dit berjocht trochstjoere oan minsken dêr’t jim fan tinke dat se belangstelling hawwe? Tige betanke út namme fan de tsjerkeried.

In hiele goede en stille wike tawinske!

Ds. Hinne Wagenaar

 

  1. Snein 20 maart: Palm-Peaske

 

Der binne op dizze snein trije ‘aktiviteiten’

  • Palmpeaske tsjerketsjinst yn Weidum om 09.30 oere
  • Palmpeaske foar de bern yn de konsistoarje fan Weidum (tsjinoer de tsjerke). Der wurde dit jier gjin Palmpeaskestokken makke. Wol wurdt de Peasketsjinst fan 27 maart mei de bern taret.
  • Om 16.00 oere is der by Nijkleaster yn Jorwert in tsjinst yn de styl fan Taizé. Nei de tsjinst om 17.00 oere wurdt de CD ‘Taizé yn Fryslân‘ presintearre. Tige wolkom.

 

  1. Woansdei 23 maart: Kleaster-moarn (09.30 oere) 

Yn de Stille Wike is der in kleaster-moarn by Nijkleaster yn Jorwert. Jim binne wolkom foar allinne de tsjinst en de kofje (09.30) of foar it hiele programma oant 12.30 oere.

  1. Wite Tongersdei: ‘Vieren en Vasten’ (24 maart, 18.00 – 19.30) 

Dit is de lêste ‘Vieren en Vasten’ yn in rige fan seis kear. Dit kear is it tagelyk de betinking fan Wite Tongersdei. It is de nacht dat Jezus foar de lêste kear brea en wyn dielt mei syn freonen. Nei in koart momint yn de tsjerke fan Jorwert komme wy gear yn de foartsjerke. By it miel ite en drinke wy bôle en wyn. En sop, krekt as de oare kearen. Fan herte wolkom, ek as jim der earder noch net by west hawwe. 

  1. Goed Freed (25 maart, 19.30 oere)

Op Goed Freed is der in sobere tsjinst yn Jorwert. Wy sjonge inkelde lieten en harkje nei it ferhaal fan Jezus syn lijen en stjerren.  De Peaskekears wurdt dwêste. Wy bringe op symboalyske wize de lêste eare by it krús.

  1. Stille Sneon Kleaster-dei (26 maart, 09.30 – 16.00) 

Op Stille Sneon is der in kleaster-dei by Nijkleaster. Opjaan is noch mooglik. Wy steane stil by it lijen fan Jezus, fan de wrâld en yn ús eigen libben. Op it programma stiet it moarnsgebed, de kleaster-kuier, it kleaster-miel yn it kafee en in kreative ferwurking yn ‘e middei mei skilderijen en tekenjen.

  1. Peaske Snein (27 maart, fan 06.00 oere ôf) 

Op Peaskesnein begjinne wy om 06.00 oere. Tink derom dat de simmertiid dizze nacht yngiet! Sa’t wy Kryst fiere yn de nacht, fiere wy Peaske yn de betide moarn. Wy begjinne bûten de tsjerke fan Jorwert by in fjoer en geane mei de nije Peaske-kears de noch tsjustere tsjerke yn. Wy diele it fjoer en harkje nei de ferhalen fan de opstanning yn de moarntiid. Wy kinne ús earen hast noch net leauwe en wriuwe ús de eagen út. Dizze moarn is ek hiel geskikt foar bern en jongeren.

Tsjin sân oere is der in ienfâldich Peaskemiel yn de foartsjerke mei ûnder oaren aaien en peaskebôle. Guon geane nei hûs, oaren genietsje fan de Peaskekuier dy’t wy hâlde tusken ûngefear 8.00 en 9.00 oere. Foar de tsjinst fan 09.30 oere is der kofje, tee en drinken foar de bern.

Om 09.30 oere is it tiid foar de Peasketsjinst om de opstanning fan Kristus folop te fieren. Binne wy moarns betiid noch wat dimmen, no is it fleurich en klinkt de lofsang!

  1. Foar it bûsboekje:

Gemeentejûn op moandei 11 april yn de konsistoarje fan

Weidum om 20.00 oere.

Op tongersdei 14 april binne alle minsken ferbûn oan Westerwert en

Nijkleaster fan herte en gratis útnoege foar it toanielstik ‘Skûlje yn Jorwert’.

As jo dat noch net dien hawwe, graach opjaan by de kleaster-koördinator Annet

Draaisma. E:  a.draaisma@nijkleaster.nl of  T: 06-19167455.

 

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

Moandei 4 febrewaris: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 10 febrewaris: Tsjinst yn Mantgum (09.30)
Snein 17 febrewaris: Kleastersnein yn Jorwert (09.30)
Snein 24 febrewaris: LYTS&grut yn Jorwert (10.30)
Snein 3 maart: Tsjinst yn Weidum (09.30)
Moandei 4 maart: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 10 maart: Tsjinst yn Mantgum (09.30/1e snein 40-dagentiid)
Snein 17 maart: Kleastersnein yn Jorwert (09.30/2e snein 40-dagentiid)
Snein 24 maart: LYTS&grut yn Jorwert (10.30/3e snein 40-dagentiid)
Snein 31 maart: Regiotsjinst yn Mantgum (11.00/4e snein 40-dagentiid)
Moandei 8 april: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)

Informatieboekje 2018

Kijk onder ‘Home’ voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2018