In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

In Wolkom foar de lêzers fan ús Tsjerkeblêd

By dizze wol ik de lezers fan it tsjerkeblêd wolkom hjitte op’e webside fan Pkn-Westerwert.
Us bled is no ferfongen troch in webside en in nijsbrief. Om eltsenien te foarsjen fan de ynformaasje oer it tsjerke libben bij Westerwert sil de nijsbrief ek nog útprinte wurde foar de minsken dy’t gjin ynternet hawwe. Foar de leden dy’t graach ek de nijsbrief ûntfange wolle, mar noch net yn de mailinglist steane kinne zich opjaan via  J.Teensma@kpnplanet.nl.

Nei 62 jier is it beslût fallen om alles digitaal te dwaan en dat is best wol in grutte feroaring foar de measte âlderen ûnder ús. No sil ik my earst efkes foarstelle foar de minsken dy’t my net kenne Ik bin Johan de Boer, wenje yn Weidum en bin troud mei Boukje de Boer.johan
De leden hawwe my fêst wol ris sjoen by in tsjinst.
Op it stuit haw ik gjin wurk mar fermeitsje my noch bêst.
Sa haw ik as hobby: wat websides ynelkoar knutselje ensa.
Mar mei ek graach ris efkes bealgje yn de tún.
Sa ha’k dizze webside ek yn ‘e loft setten en bin no dwaande om wat tûkelteammen út de webside wei te heljen sadat alles in bytsje netsjes op ynternet komt.

De meidielings krij ik oanlevere troch leden fan ‘e tsjerke, fan dûmny en Tsjerkerie. No bin ik ek net sa’n held yn it skriuwen fan stikjes, dat ik bin al lang bliid dat der minsken binne die dat folle better kinne (mei nammen yn it frysk skriuwen). Mar hawar it leart fansels, hearde ik fan yngewijden. Ek as jo wat aardichs hawwe wat jo leuk taliket om op ús webside  te setten: dan efkes in mailtsje nei johan@weidum.com. Ek foto’s of filmkes binne wolkom. Der binne noch in pear paginas fan de website dy’t noch net helemaal kloppe mar ik bin der drok mei dwaande.

Kinne jo eat net fine op de side dan wol graach efkes lûd jaan, want ja ik sjoch ek wol ris wat oer’e holle. No hjir litte wy it earst mar by. Folle nocht en wille mei it surfen op’e nije webside.

Groetnis en oant sjen!!

Johan de Boer
webmaster pkn-westerwert.frl

 

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

Moandei 4 febrewaris: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 10 febrewaris: Tsjinst yn Mantgum (09.30)
Snein 17 febrewaris: Kleastersnein yn Jorwert (09.30)
Snein 24 febrewaris: LYTS&grut yn Jorwert (10.30)
Snein 3 maart: Tsjinst yn Weidum (09.30)
Moandei 4 maart: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 10 maart: Tsjinst yn Mantgum (09.30/1e snein 40-dagentiid)
Snein 17 maart: Kleastersnein yn Jorwert (09.30/2e snein 40-dagentiid)
Snein 24 maart: LYTS&grut yn Jorwert (10.30/3e snein 40-dagentiid)
Snein 31 maart: Regiotsjinst yn Mantgum (11.00/4e snein 40-dagentiid)
Moandei 8 april: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)

Informatieboekje 2018

Kijk onder ‘Home’ voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2018