In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Regio tsjinst, snein 29 april yn Jorwert

Op snein 29 april is der in regio-tsjinst yn Jorwert om 09.30. It giet om de gemeenten Hilaard, Húns-Leons, Mantgum en Westerwert. Thema: in gefaarlike tekst? Wy lêze de bekende tekst oer ‘Ik bin de echte druvebeam/Ik ben de ware wijnstok’. Op ôfbyldingen sjogge wy dan altyd prachtige wynstokken mei enoarme druvetrossen. Mar de tekst hat ek in oare kant: fan snoeien, fuortsmiten en opbrânen. De tekst út Johannes 15 hat ek in gefaarlike kant. Dêrom hat de preek as titel ‘In gefaarlike tekst?’ Foargonger: Hinne Wagenaar. Muzyk: Wiebe Kaspers.

Tsjinsten WESTERWERT-MANTGUM

20 maaie Kleastersnein (Jorwert,09.30/Pinkstertsjinst)
21 maaie Nijkleaster Pinkster Paad (NPP)
27 maaie Gjin tsjinst yn ús tsjerken.

Wol yn Itensmei it froulju’s koar Greidelûd(ds. Wagenaar/10.00)

3 juny Tsjinst yn Weidum(09.30/ Brea en Wyn)
10 juny Tsjinst yn Mantgum (09.30)
17 juny Kleastersnein (Jorwert, 09.30/ Dooptsjinst)
24 juny Gjin tsjinst yn ús tsjerken. Wol yn Itens (10.00)
1 july Tsjinst yn Bears (mei de boat foar de bern)
8 july Tsjinst yn Mantgum (09.30/ Brea en Wyn)
15 july Kleastersnein (Jorwert, 09.30)
22 july gjin tsjinst
29 july Regio tsjinst yn Mantgum (09.30)
Yn augustus binne der gjin tsjinsten yn ús tsjerken

Informatieboekje 2018

Kijk onder ‘Home’ voor het informatieboekje Westerwert-Mantgum 2018