In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Activiteiten

Kleaster-moarn + kleaster-kuier

Elke woansdeitemoarn begjinne wy om 09.30 mei in moarnsgebed. Eltsenien is wolkom om mei te dwaan mei it moarnsgebed allinne of  de hiele kleaster-moarn (oant 12.30 oere)

 

Vasten en Vieren

In moaie groep minsken fan Mantgum, Westerwert en Nijkleaster hat it programma ‘Vasten en Vieren’ makke foar de 40-dagentiid. Elke tongersdeitejûn binne wy yn de Jorwerter tsjerke wolkom tusken 18.00 en 19.30 oere. It begjint mei in koarte fiering (20 min.) Dêrnei stiet der in miel fan sop en bôle klear. It iten is fergees. Elkenien mei sels in bydrage bepale foar de kollekte. It doel wurdt jûns mei-inoar útsocht. Wy ferwachtsje jim allegearre (teminsten ien kear!)

 

Kleaster-sneon 18 maart

Op sneon 18 maart is der in spesjale kleaster-sneon oer kristlike mienskipsfoarming. Der binne op it stuit in soad nije foarmen fan kleasterlibben yn ûntwikkeling. Ek bij Nijkleaster wurdt ta wurke nei in nije foarm fan kleasterlibben Wy wolle hjir fierder oer neitinke en ek heare oer oare ûntjouwingen yn en bûten Nederlân (mear op de oare side). Graach opjaan fia de webside of by Annet Draaisma: 06-19167455

 

Tsjinsten WESTERWERT

Snein 12 jannewaris: Gjin tsjinst
Moandei 13 jannewaris: Tsjinst yn Nij Dekema (10.45)
Snein 19 jannewaris: Kleastersnein yn Jorwert (09.30)
Snein 26 jannewaris: LYTS&grut yn Jorwert (10.30)
Snein 2 febrewaris Tsjinst yn Weidum (09.30)
Snein 16 febrewaris Kleastersnein yn Jorwert (09.30)
Snein23 febrewaris LYTS&grut yn Jorwert (10.30)

Informatieboekje 2020

Het informatieboekje is nog niet helemaal klaar.
Zodra deze gedrukt is komt hier een link naar de digitale versie

 

Meest recente berichten

Archief