In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Activiteiten voor pasen nu op video beschikbaar voor de jeugd

Hoi, we hebben een aantal video’s voor jullie gemaakt.
Dominee vertelt een mooi verhaal uit de kijkbijbel
en een stuk uit de jeugdbijbel.
Ook kunnen jullie lekker meezingen met bekende liedjes
gezongen door Petra met de kinderen.
Wil je lekker bezig zijn dan zijn er een drietal video’s gemaakt
voor het maken van Paasfiguren en Paasstokken.
Hieronder staan de linkjes om ze te bekijken.

Nijsbrief 20 maart 2020

Dit binne de ûnderdielen fan de nijsbrief fan 20 maart.

  • Nijsbrief 20 maart 2020,
  • Dagboek van een dominee in Jorwert
  • Nijsbrief Nijkleaster
  • Corona nieuwsbrief 2 Classis Fryslân
  • Lock down – Vergrendeling

Nijsbrief 13 maart 2020

Yn ferbân mei it Corona-firus sille Westerwert en Nijkleaster gjin aktiviteiten organisearje oant 1 april. Dêrnei sjogge wy wer hoe’t it derhinne leit. Dus:
– Gjin tsjerketsjinsten op snein 15 en 29 maart
– Gjin kleastermoarn op woansdei 18 en 25 maart
– Gjin Vieren en Vasten op tongersdei 19 en 26 maart

Lês hjir de Nijsbrief:

Der binne ek in pear oare saken dy’t wól trochrinne:

1. ds. Hinne Wagenaar sil gjin minsken besykje. Hy wol gjin rûnbringer fan it firus wurde. Mar hy komt op fersyk graach del. Dan efkes belje: 058-2550998 (dit jildt ek foar Nij Dekema)

2. Fanôf moandei 16 maart stiet de tsjerke fan Jorwert elke dei iepen (09.30-16.00 oere) foar persoanlike stilte en besinning. Middeis fan 14.00 – 16.00 oere is immen fan Westerwert/ Nijkleaster yn tsjerke beskikber foar minsken dy’t efkes prate wolle.

3. Snein 15 maart is op Radio Fryslân in reportaazje mei Henk Kroes te beharkjen oer de ACTIE WESTERHUS yn Buro de Vries. Sjoch foar de aksje fierder op: https://nijkleaster.frl/actiewesterhus/
Snein 15 maart: Omrop Fryslân,
Buro de Vries, 11.00 – 12.00 oere

Actie Klooster Westerhûs

Klooster Westerhûs, 1e fase

Stifting Nijkleaster voert vanaf 28 februari tot Pinksteren een grote actie om de duurzaamheids-maatregelen én de inrichting van het nieuw te bouwen klooster te kunnen betalen. Het geld is onder meer bedoeld voor inrichting, zonnepanelen en een duurzaam watersysteem.

Al sinds de start in 2012 droomt Nijkleaster van een écht klooster. Die droom wordt binnenkort werkelijkheid. Op de locatie Westerhûs – tussen Jorwert, Hilaard, Jellum-Bears en Weidum in – wordt een monumentale boerderij omgebouwd tot klooster. Nu is de boerderij nog een bouwval en het erf een puinzooi. Over een paar jaar is het een modern klooster als een oase in het (geestelijke) landschap.

Lees hier de folder: https://nijkleaster.frl/wp-content/uploads/2020/02/Folder-Help-ons-de-drempel-over.pdf

Kijk hier it filmpje (4 min.): https://nijkleaster.frl/actiewesterhus/

Ferbining op Freed/ LYTS&grut

Vrijdag 21 februari: Ferbining op Freed
19.30 –20.15 (Meditatie)
20.30 –21.00 (Avondgebed)
Na 21.00 (Ontmoeting in het café)

Vanaf volgende week wijzigt ‘Ferbining op Freed’ in ‘Vieren en Vasten op Donderdag’. Eerste keer donderdag 27 februari. (18.00 – 19.30).

Zondag 23 februari: LYTS&grut

Viering in de kerk van Jorwert (10.30) met de kinderen (LYTS) en grote(re) mensen (grut). We beginnen met een eenvoudige viering in de kerk waarin de kinderen centraal staan. Daarna is er een ‘verwerking’ voor de kinderen in de voorkerk en is er koffie en ontmoeting voor de groteren. We sluiten gezamenlijk af om uiterlijk 11.30. Voorbereiding: Jeugdcommissie Westerwert. Voorganger: Hinne Wagenaar. Muziek: Wiebe Kaspers.

VANAF 27 FEBRUARI (tot Witte donderdag 9 april):

VIEREN EN VASTEN (Op donderdag, 18.00-19.30)

Ferbining op Freed

Elke freedtejûn is der Ferbining op Freed yn de tsjerke fan Jorwert. Der is in programma fan
19.30 –20.15 (meditaasje, sjonge of lêze). It jûnsgebed is fan 20.30 –21.00 oere.
Nei 21.00 oere kin wy elkoar moetsje yn it café.

17 jannewaris (Meditaasje, jûnsgebed, kafee)
24 jannewaris (Sjonge, jûnsgebed, kafee)
31 jannewaris (Lêze, jûnsgebed, kafee)
7 febrewaris (Meditaasje, jûnsgebed, kafee)
14 febrewaris (Lêze, jûnsgebed, kafee)
21 febrewaris (Meditaasje, jûnsgebed, kafee)

-De meditaasjeswurde begelaat troch in groep spesjalisten út de kringen fan Nijkleaster.
De meditaasjesbinne goed tagonklik ek foar minsken sûnder erfaring.
-Geke Bruining-Visser giet úsfoar by it sjongen. Ek bedoeld foar elkenien. It is gjin
koarsjongen of sjongen fan muzykpapier.
-By it lêzenwurdt elke kear in pear stikken lêzen út it boek Zalige Eenvoud ûnder
begelieding fan de skriuwer.
Vieren en Vasten
By it begjin fan de 40-dagentiid giet Ferbining op Freed oer yn Vieren en Vasten. Dan geane

wy fan de freed nei de tongersdei, krekt as yn de foargeande jierren. Jiskewoansdei (as-
woensdag) is op 26 febrewaris. Wy begjinne mei Vieren en vasten op tongersdei 27 feb.

om 18.00 oere. Dat rinttroch oantWite Tongersdei. Dus elke tongersdei fan 27 feb. oant
Wite Tongersdei 9 april 2020.

Wetter, Wyn, Wûnder

Snein 20/1 is der wer in kleastersnein yn ‘e tsjerke fan Jorwert (altyd 3e snein fan de moanne: 09.30 – 10.15 oere). Op dizze snein stiet de brulloft fan Kana sintraal. Dêrom giet it oer ‘Wetter, Wyn en Wûnder’. Ds. Wagenaar fertelt oer syn persoanlik relaasje mei dit ferhaal en giet stean neist de tsjinners dy’t de krûken fol mei wetter jitte moasten: ‘no stienen der seis stiennen wetterkrûken’. Muzyk troch Hindrik van der Meer.

Rûn Kryst en Ald&Nij

Tredde advint yn Jorwert (16/12)

Op snein 16 desimber fiere wy yn Jorwert de tredde advint (09.30) It giet oer Maria dy’t op besite giet by Elisabeth. In jonge en in âlde frou binne yn ferwachting en sjogge út nei in nije takomst: Segene dy’t fertrouwen hat! (foargonger: ds. Hinne Wagenaar en muzyk: Hindrik van der Meer)

Betink-snein (gedachteniszondag)

Oankom snein (25/11) betinke wy de minsken dy’t dit jier ferstoarn binne yn ús doarpen en yn ús gemeente. De nammen wurde foarlêzen en de famylje (of freonen) kinne in kears oanstekke. Dêrnei is der ek foar elkenien de gelegenheid om in kearske oan te stekken as foarm foar gebed of as momint fan oandacht. Dat kin foar immen dy’t ferstoarn is mar bygelyks ek foar slimme situaasjes op ierde of foar de ierde sels. Wy hawwe sa ek in momint fan omtinken om ús eigen soargen en fertriet. Snein 25/11 yn de tsjerke fan Jorwert om 10.00 oere. Foargonger: ds. Hinne Wagenaar. Muzyk: Wiebe Kaspers.

Tsjinsten WESTERWERT

Eerst tot 6 april zijn alle bijeenkomsten in de kerken van Gemeente Westerwert geschrapt i.v.m. de landelijke  covid-19 oproep besmetting tot een minimum te beperken. Lees de laatste nieuwsberichten over alternatieven hiervoor.

Informatieboekje 2020

Het informatieboekje is nog niet helemaal klaar.
Zodra deze gedrukt is komt hier een link naar de digitale versie

 

Archief