In tsjerklike mienskip yn 'e Greidhoeke ferbûn mei Nijkleaster

Nijsbrief 13 maart 2020

Yn ferbân mei it Corona-firus sille Westerwert en Nijkleaster gjin aktiviteiten organisearje oant 1 april. Dêrnei sjogge wy wer hoe’t it derhinne leit. Dus:
– Gjin tsjerketsjinsten op snein 15 en 29 maart
– Gjin kleastermoarn op woansdei 18 en 25 maart
– Gjin Vieren en Vasten op tongersdei 19 en 26 maart

Lês hjir de Nijsbrief:

Der binne ek in pear oare saken dy’t wól trochrinne:

1. ds. Hinne Wagenaar sil gjin minsken besykje. Hy wol gjin rûnbringer fan it firus wurde. Mar hy komt op fersyk graach del. Dan efkes belje: 058-2550998 (dit jildt ek foar Nij Dekema)

2. Fanôf moandei 16 maart stiet de tsjerke fan Jorwert elke dei iepen (09.30-16.00 oere) foar persoanlike stilte en besinning. Middeis fan 14.00 – 16.00 oere is immen fan Westerwert/ Nijkleaster yn tsjerke beskikber foar minsken dy’t efkes prate wolle.

3. Snein 15 maart is op Radio Fryslân in reportaazje mei Henk Kroes te beharkjen oer de ACTIE WESTERHUS yn Buro de Vries. Sjoch foar de aksje fierder op: https://nijkleaster.frl/actiewesterhus/
Snein 15 maart: Omrop Fryslân,
Buro de Vries, 11.00 – 12.00 oere

Tsjinsten WESTERWERT

– de tsjinsten geane troch mei in maks. oan 30 dielnimmers
– yn dizze striktere tiid drinke wy nei de tsjinsten gjin kofje
– wy fergaderje sa min as mooglik (digitaal en belje kin wol)
– op woansdei is der wol in moarnsgebed, mar gjin kofje en kuier
– op freed gjin Ferbining op Freed
– op snein in tsjinst (mar sûnder kofje)
– oer twa wiken sjogge wy wer hoe’t it fierder giet.
15 novimber om 09.30 oere (gjin LYTS&grut)
22 novimber fan 11.00 – 18.00 oere (Betinksnein)
29 novimber om 11.00 oere (Regio tsjinst)
6 desimber om 09.30 oere

Informatieboekje 2020

Het informatieboekje is nog niet helemaal klaar.
Zodra deze gedrukt is komt hier een link naar de digitale versie

 

Archief